Janny Hoekstra

Sûnt 2012 wurkje ik by berne-opfang Dondersteen. Ik doch dat alle dagen mei in soad wille foar it fak. Ik wurkje tiisdeis, woansdeis en tongersdeis op ’e pjuttegroep. Wat is it moai dat elk bern sa unyk is, mei syn eigen kwaliteiten. Ik hoopje de bern neist harren thús hjir ek in feilich plak biede te meien en harren it gefoel te jaan dat se wolkom binne. Neist myn wurk wenje ik gear en bin ik mem fan twa famkes. Oant sjen by berne-opfang Dondersteen!