BSO Bengels

Twa stamgroepen

Bso Bengels hat twa stamgroepen yn twa lokalen. Groep 1 (4 oant 7 jier) sit yn it lokaal neist it krealokaal en groep 2 (7 oant 13 jier) sit yn it krealokaal. Dy stamgroepen hâlde wy oan as it bern nei de bso komt en wer ophelle wurdt, en by yt- en drinkmominten. De rest fan ’e dei is it foaral mei-inoar. Fso (foarskoalske opfang) is altyd yn it lokaal fan groep 1 (4 oant 7 jier).

Op ’e bso wurkje wy mei tema’s fan DOENKIDS en in bytsje fan ’e liedsters sels. Dy tema’s duorje acht wiken. Se besteane út ûnder oaren de tiden fan it jier, nasjonale feestdagen en oare bysûndere dagen, mar tink ek oan it tema “Wat wol ik letter wurde?”, “Sport en spul”, “Ferfier” en noch folle mear moaie edukative tema’s. Wy hâlde mei de aktiviteiten rekken mei de twa stamgroepen en biede aktiviteiten oan dy’t passe by harren âldens en ynteresses. Wy freegje ek oan ’e bern wêr’t harren ynteresses lizze en sy meie sels in stientsje bydrage oan ’e planning (bernepartisipaasje).

Wy steane foar in húslike sfear. Sadree’t alle bern binnen binne, geane wy oan tafel (om 15:00 oere hinne) foar in gleske molke/tee/wetter/limonade, en freegje wy ûnder oaren oan ’e bern hoe’t harren dei wie.

Persoanlik omtinken foar elk bern fine wy hiel belangryk. Wy soargje derfoar dat elkenien syn of har ferhaal dwaan kin.

Fan 16.00 oere ôf kinne de bern wer ophelle wurde. Sa hâlde wy rêst op ’e groep en kinne de bern mei alles meidwaan, sûnder dat se ûnder it spul/de aktiviteit alwer nei hûs ta moatte.

Om 16.30 oere is der ek in yt- en drinkmomint. Nei it ytmomint is der in rêstmomint foar de bern. Se kinne dan efkes mei de tablet of de Wii boartsje, lekker lêze of kleurje oan ’e grutte tafel.

De foarskoalske opfang (fso) is iepen fan 6.30 oant 8.30 oere. It is by ús mooglik dat jo jo bern moarnsiten meijouwe en dat hy of sy dat by ús opyt. As it tiid is om nei de klasse te gean, bringe wy de bern fan groep 1 en 2 by harren lokaal en stypje wy harren dêr’t dat nedich is. De learkrêften fan ’e beukers krije in briefke mei dêrop de nammen fan ’e bern dy’t middeis nei de bso ta geane, sadat sy net nei it plein geane, mar streekrjocht nei de bso. Yn ’e fakânsjes binne wy de hiele dei iepen en soargje wy foar in oantreklike planning. Tink bygelyks oan in middei nei de bosk, lekker cakejes bakke, in útstapke nei Lauwerseach of it bleatefuottepaad, sadat wy it fakânsjegefoel op ’e bso ek ûnderfine.

Regels

Wy hawwe mei de bern ôfspraken makke dêr’t elkenien him of har oan hâlde moat. Sa kinne wy it elk nei it sin meitsje op ’e bso.

Helje en bringe

Bern kinne op skoaldagen brocht wurde oant 8.00 oere en fan 16.00 oere ôf wer ophelle wurde. Yn ’e skoalfakânsjes kinne de bern oant 9.00 oere brocht wurde en fan 16.00 oere wer ophelle wurde. Tusken 12.00 en 13.00 oere is der ek in hel- en bringmomint. Dy tiden binne der sadat de rêst op ’e groepen bliuwt en wy yn ’e fakânsjes mear tiid hawwe by eventuele útstapkes.

Oanwêzigens liedsters

De liedsters binne der alle moarnsskoften fan 6.30 oant 8.30 oere en alle middeis fan 14.00 oant 17.30/18.00 oere.

Mobyl telefoannûmer:: 06-38 02 56 83