Alles watst fierder oer ús witte wolst
Berne-opfang Dondersteen biedt jo bern opfang yn in gemoedlike sfear, dêr’t wy de ferskillen tusken thús en de berne-opfang sa lyts mooglik meitsje wolle. Dat dogge wy troch opfang te bieden yn lytse groepen, mei fertroude pedagogysk meiwurkers. Dêrtroch krije de bern de kâns om in bân op te bouwen en harren feilich te fielen by berne-opfang Dondersteen. Foar bern moat it foaral moai wêze om nei berne-opfang Dondersteen te kommen. In moaie dei biede yn in fertroude omjouwing mei folwoeksenen dêr’t se op weromfalle kinne, is foar ús fan grut belang. Dêrneist fine wy in goede gearwurking mei âlders belangryk. Wy fine it noflik om alle dagen in petearke mei de âlders oan te gean.
Fyzje op bern
It bern as yndividu en respekt hawwe foar bern steane sintraal. Der hearsket by ús in pedagogysk klimaat dêr’t romte foar groepsopfieding is, mar ek foar yndividuele ûntwikkeling. Bûten de deistige fersoarging stimulearret de omjouwing bern om har sawol lichaamlik, sosjaal, emosjoneel, kreatyf, taalfeardich en ferstanlik te ûntwikkeljen. Wy biede ek in omjouwing dêr’t bern har bewust wurde fan maatskiplik gongbere noarms en wearden.
Berne-opfang Dondersteen is it ferlingde fan ’e thússituaasje. “It is hjir moai” is itjinge dat wy graach útstriele nei âlders en bern. Der is romte foar in soad wille en leafde, en om in hechte bân op te bouwen. Yn ’e feilige haven krije bern de kâns om te boartsjen en te ûntdekken, en geandewei te learen om har te ûntwikkeljen ta in eigen “ik”, mei eigen talinten en in eigen karakter. It docht ús goed as bern net mei nei hûs wolle; dan hawwe se in moaie dei hân en binne se noch net klear mei boartsjen.
Kwaliteit
De beane kwaliteit foarmet de basis om ús berne-opfang in feilich en ferantwurde plak wêze te litten, dêr’t bern graach ferbliuwe en dêr’t sy útdage wurde yn harren ûntwikkeling. It is ús taak om de oan ús tafertroude bern op te fangen yn in fertroude en feilige omjouwing, dêr’t sy har frij fiele om te boartsjen, learen en ûntdekken, en om ûnderfiningen op te dwaan.
Bepalend foar kwalitatyf ferantwurde opfang binne ûnder oaren de feiligens- en sûnensaspekten, mar foaral ek de pedagogyske kwaliteit. In hege pedagogyske kwaliteit is fan grutte ynfloed op it wolwêzen fan bern en soarget derfoar dat sy har op in optimale wize ûntwikkelje kinne.
De pedagogysk meiwurkers fan berne-opfang Dondersteen wurde troch coaching en in ôfwikseljend oanbod fan trainingen en opliedingen kontinu stimulearre om harsels fierder te ûntwikkeljen en better te wurden yn harren fak. Wy folgje nije trends en ûntwikkelingen, en beoardielje hieltyd oft dy fan mearwearde binne foar de kwaliteit fan ús opfang.
By berne-opfang Dondersteen fine wy de kwaliteit fan ’e ûnderfiningen dy’t bern opdogge yn harren ynteraksjes mei de sosjale en materiële omjouwing hiel belangryk. Tink dêrby oan it kontakt mei leeftiidsgenoatsjes en de ynrjochting fan ’e opfang (sawol binnen as bûten), dy’t de ûntwikkeling stimulearje. Dêrneist stribje wy nei in heldere en regelmjittige útwikseling fan ynformaasje tusken de âlders en de pedagogysk meiwurkers, om’t dat ek in positive ynfloed hat op it wolwêzen fan it bern op ’e berne-opfang.
Ut ’e Wet berne-opfang wurde minimumeasken steld oan ’e kwaliteit fan ’e opfang. Der mei net ôfwykt wurde fan ’e wetlike foarskriften, dêr’t easken yn steld wurde oan saken as beropskwalifikaasjes, groepsgrutte, it oantal bern de pedagogysk meiwurker, belied feiligens & sûnens, it pedagogysk beliedsplan en de akkommodaasje. Yn opdracht fan ’e gemeente sjocht de GGD alle jierren troch ynspeksjes ta op it neilibjen fan ’e Wet berne-opfang.
Foar de âlders en de âlderkommisje is berne-opfang Dondersteen oansletten by de belangeferiening fan âlders yn ’e berne opfang, BoinK.
Twatalich belied
Op berne-opfang Dondersteen wurkje wy mei in twatalich belied (Frysk-Nederlânsk). Dat dogge wy om’t meartaligens moai én learsum is foar bern. In soad ûndersiken yn binnen- en bûtenlân litte sjen dat it goed is foar de taalkundige, sosjale en kognitive ûntwikkeling fan in bern.
De bêste basis foar in meartalige ûntwikkeling leit yn ’e foarskoalske perioade. Bern fan 0-4 jier binne hiel fleksibel; se sitte midden yn harren taalûntwikkeling. As se yn in omjouwing sitte dêr’t twa (of mear) talen praat wurde, dan leare se dy twadde (of tredde) taal der boartsjendewei by.
It is dan wol fan belang dat je bewust en konsekwint mei de talen omgeane. Op berne-opfang Dondersteen wurkje wy mei it ien-persoan-ien-taalbelied. Guon pedagogysk meiwurkers biede konsekwint it Frysk oan, oare pedagogysk meiwurkers it Nederlânsk. Sa leare de bern de talen goed te skieden.
Fierder is it fan belang dat de talen op in stimulearjende wize oanbean wurde. Op berne-opfang Dondersteen binne wy bewust dwaande mei it kreëarjen fan in taalrike omjouwing. Wy wurkje mei tema’s, sjonge en lêze in soad en dogge taalspultsjes mei de bern.
In ûnôfhinklike provinsjale fisitaasjekommisje beoardielet ús op ’e kwaliteit fan ús twatalich belied.