Stamgroepen
Wy wurkje by berne-opfang Dondersteen mei twa fêste stamgroepen: tiisdei- en tongersdeitemoarns.
- groep ‘Dondersteen’ voor de bern fan 0-2 jier*
- groep ‘Doerak’ foar de bern fan 2-4 jier*
Op guon mominten fan ’e dei/wike meie wy de groepen gearsmite. Dat is bygelyks foar in aktiviteit. Elke groep keart op fêste mominten wer werom nei har/syn eigen stamgroep en fêste liedster(s).
Mentor
By berne-opfang Dondersteen fine wy it belangryk dat elk bern echt sjoen wurdt en dêrom hawwe wy foar elk bern in pedagogysk meiwurker oansteld as mentor. As it heal kin, docht de mentor ek de yntake. Sa kinne de âlders en de mentor direkt mei-inoar yn ’e kunde komme en witte de âlders by wa’t sy terjochte kinne. As de mentor der net by wêze kin, dan sil de pedagogysk meiwurker dy’t it yntakepetear docht de mentor beneame. De mentor is it oansprekpunt foar âlders en bern, en is ferantwurdlik foar it observearjen fan ’e ûntwikkeling fan it bern, it stypjen fan it bern yn syn of har ûntwikkeling (ek by eventuele efterstannen) en it fieren fan âlderpetearen oer de ûntwikkeling fan it bern. As in pedagogysk meiwurker lang siik is of ferlof hat, dan wiist de liedingjaande in oare (tydlike) mentor oan.
Observearje en it Pravoo-bernefolchsysteem
Wy fine it belangryk dat alle bern sjoen wurde en sa optimaal mooglik stipe wurde yn harren ûntwikkeling. Dêrom observearret de eigen mentor de bern it hiele jier troch. De mentor brûkt dêr it Pravoo-bernefolchsysteem foar. It ynfoljen fan it skoareformulier docht se yn april en oktober. Oan ’e hân fan dat formulier hâldt de mentor de ûntwikkeling fan it bern yn ’e rekken. Dy ûntwikkeling beprate de mentor en de âlders ûnder it jierlikse âlderpetear yn april. De âlders krije sa ynsjoch yn ’e ûntwikkeling fan harren bern. Sadree’t it bern 4 jier wurdt, giet dat skoareboekje, mei akkoart fan ’e âlders/fersoargers, mei nei de basisskoalle.
Deiritme
Wy wurkje op ’e pjuttegroep mei in fêste deistruktuer / in fêst deiritme. De fêste struktuer jout bern hâldfêst en in feilich gefoel.
- De bern binne der om 8.30 oere hinne. Der is dan in momint foar frij spul. Wy hawwe fêste yt- en drinkmominten. Om 9.30 oere drinke wy wat en ite wy fruit en in koekje.
- Dêrnei is it tiid foar rjochte aktiviteiten. Tink oan: it foarlêzen fan in printeboek yn ’e rûnte, nifelje oan tafel of bewege op muzyk.
- As it waar it talit, besykje wy alle dagen efkes nei bûten te gean. Wy geane nei de eigen tún of meitsje in kuierke troch it doarp.
- Om 11.30 oere ite wy in stikje bôle, mei in beker molke, en om 14.00 oere drinke wy tee mei in koekje.
- Bern dy’t dat noch nedich binne, koese efkes. Foar de gruttere pjutten is der in momint fan rêst, of tiid foar yndividuele aktiviteiten.
- Om 16.00 oere ite wy noch in crackerke mei wat limonade. En slute wy de dei ôf mei frij boartsjen.
Uk & Pukprogramma
By berne-opfang Dondersteen wurkje wy op alle groepen mei it foar- en ierskoalske edukaasjeprogramma Uk & Puk. It programma is rjochte op bern fan 0 oant 4 jier. Boartsjen stiet sintraal. It programma bestiet út tsien tema’s dy’t oanslute by de belibbingswrâld fan ’e bern. De tema’s kinne komme út it Uk & Pukprogramma, mar wy brûke ek eigen tema’s. By de aktiviteiten is der in soad omtinken foar de kognitive en taalûntwikkeling, de sosjaal-emosjonele ûntwikkeling, de motoaryske en sintúchlike ûntwikkeling en begjinnende rekkenprikels.
De aktiviteiten binne net as in learende skoalske aktiviteit yndield, mar bern leare just troch aktyf dwaande te wêzen en lekker te boartsjen. Mei de aktiviteiten fan Uk & Puk gripe en kreëarje pedagogysk meiwurkers kânsen om bern learûnderfiningen opdwaan te litten.
Fisy op Foar- en ierskoalske edukaasje Uk & Puk
Jonge bern leare troch te dwaan, te boartsjen en te ûntdekken. Troch oan te sluten op harren ûntwikkeling en se hieltyd in stapke fierder te helpen, krije se de kâns om harren hieltyd fierder te ûntwikkeljen.
It VVE-programma Uk & Puk sjogge wy as middel om it boartsjendewei learen systematysk foarm te jaan. It VVE-programma kin alle dagen weromkomme yn aktiviteiten dy’t wy oanbiede en ús deiprogramma.
Neist de aktiviteiten dy’t wy oanbiede hawwe de bern rom de kâns om ûnder it boartsjend learen boartsjendewei mei de VVE-tema’s dwaande te wêzen yn bygelyks de temahoeken op ’e groep. As lêste fine wy in goede gearwurking mei it basisûnderwiis fan grut belang. Net allinne troch bern by ús op ’e opfang sa goed mooglik te stimulearjen, mar ek troch it kreëarjen fan in trochgeande learline krije de bern alle kânsen om har al jong goed te ûntwikkeljen. Dêrom observearje wy harren mei it observaasjesysteem Pravoo! Dat drage wy dêrnei oer oan it basisûnderwiis, sadat sy ús ûntwikkelingsdoelen trochsette kinne.
Untwikkelingsstimulearring troch Uk & Puk
Sa’t wy al earder beneamd hawwe, stimulearret it VVE-programma Uk & Puk de bern op ferskate ûntwikkelingsmêden. It is in totaalprogramma, dat goed is foar de spraak- en taalûntwikkeling, mar ek foar de sosjaal-emosjonele, sintúchlike en motoaryske ûntwikkeling. Dêrneist jout it de earste rekkenprikels.
De aktiviteiten binne sa foarmjûn dat by alle aktiviteiten de mûnlinge taalfeardigens (prate en harkje) en de wurdskat stimulearre wurde. Dêrneist binne de aktiviteiten hiel ôfwikseljend en stimulearje sy de rest fan ’e ûntwikkelingsmêden. Aktiviteiten fariearje fan spul, spul yn temahoeken, ûntdekke en eksperimintearje, nifelje, foarlêze en ekspresje oant beweging.
UK & Puk yn ’e praktyk
Uk & Puk bestiet út ferskate tema’s, mei dêrby allegearre aktiviteiten foar de ferskate ûntwikkelingsmêden. De metoade biedt de pedagogysk meiwurkers in rjochtline om mei de bern oan ’e slach te gean. De metoade biedt hâldfêst en jout meiwurkers ek foldwaande romte foar eigen kreativiteit.
Wendagen
As it bern nij op ’e berne-opfang komt, hâlde wy in intakepetear. Yn oerlis mei de âlders meitsje wy ôfspraken oer hoe’t de wenperioade derút sjocht. Ofhinklik fan it ferlet fan it bern en de âlder(s) stelle wy de wenperioade echt yn oerlis gear. Wennen bart foar in part mei de âlder(s) derby en foar in part sûnder harren.
Elk nij bern kriget syn/har eigen mentor. Dy fêste pedagogysk meiwurker ûntfermet har yn ’e wenperioade safolle mooglik oer it bern, oant it bern him emosjoneel feilich fielt en iepenstiet foar nije útdagingen. Troch yn earste ynstânsje in fêste liedster, nammentlik de mentor, oan te wizen, dy’t ekstra omtinken jout oan it emosjoneel feilichstellen fan wenbern.
Alderportaal
Begjin 2021 binne wy op berne-opfang Dondersteen start mei it digitale âlderportaal KidsAdmin.
Dêr heart in app by dy’tst as âlder ynstallearje kinst op dyn tablet of smart phone.
Yn it âlderportaal kinst ûnder oaren de gegevens fan dyn bern ynsjen, , wizigingen trochfiere, ekstra dagen oanfreegje, foto’s krije fan dyn bern en chatte mei de liedsters. Wy sille dan ek de kommunikaasje hieltyd mear yn it âlderportaal dwaan yn stee fan oer Whatsapp. Op ’e website fynst de link dy’t nei de beskate stappen ferwiist.
Oergong nei basisskoalle
As in bern 4 jier wurdt, is der in waarme oerdracht tusken de mentor op ’e opfang en de yntern begelieder of learkrêft fan ’e basisskoalle. Sa kreëarje wy in trochrinnende learline. It bernedossier, mei dêryn alle observaasjes en ferslaggen fan eventuele bysûnderheden, maile wy nei basisskoalle De Stapstien en beprate wy persoanlik mei de yndividueel begelieder.
As in bern yn Dondersteen oerstapt fan it bernedeiferbliuw nei de bûtenskoalske opfang (bso), dan is it bern by ús bekend. Wy wurkje nammentlik hast allegearre sawol op it bernedeiferbliuw as op ’e bso. Elkenien kin yn it PRAVOO-systeem en in oerdracht is dan net nedich.
Giet it bern nei in oare bso of tuskentiids, troch in ferhuzing, nei in oar bernedeiferbliuw of in oare pjutopfang, dan jouwe wy de oerdracht/it bernedossier oan ’e âlder(s) mei. Op fersyk kinne wy in telefoanyske (waarme) oerdracht dwaan. As it bern 4 jier wurdt, freegje wy de âlder(s) om skriftlike tastimming foar de oerdracht fan it bernedossier oan ’e basisskoalle en bso.
Twatalich belied
Op berne-opfang Dondersteen wurkje wy mei in twatalich belied (Frysk-Nederlânsk). Dat dogge wy om’t meartaligens moai én learsum is foar bern. In soad ûndersiken yn binnen- en bûtenlân litte sjen dat it goed is foar de taalkundige, sosjale en kognitive ûntwikkeling fan in bern.
De bêste basis foar in meartalige ûntwikkeling leit yn ’e foarskoalske perioade. Bern fan 0-4 jier binne hiel fleksibel; se sitte midden yn harren taalûntwikkeling. As se yn in omjouwing sitte dêr’t twa (of mear) talen praat wurde, dan leare se dy twadde (of tredde) taal der boartsjendewei by.
It is dan wol fan belang dat je bewust en konsekwint mei de talen omgeane. Op berne-opfang Dondersteen wurkje wy mei it ien-persoan-ien-taalbelied. Guon pedagogysk meiwurkers biede konsekwint it Frysk oan, oare pedagogysk meiwurkers it Nederlânsk. Sa leare de bern de talen goed te skieden.
Fierder is it fan belang dat de talen op in stimulearjende wize oanbean wurde. Op berne-opfang Dondersteen binne wy bewust dwaande mei it kreëarjen fan in taalrike omjouwing. Wy wurkje mei tema’s, sjonge en lêze in soad en dogge taalspultsjes mei de bern. In ûnôfhinklike provinsjale fisitaasjekommisje beoardielet ús op ’e kwaliteit fan ús twatalich belied.