Wytske Wielstra

Nei jierren yn ’e rekreaasjesektor wurke te hawwen, wie ik der wis fan: mei bern wurkje, dêr leit myn passy. Sûnt 2019 wurkje ik by berne-opfang Dondersteen op ’e bûtenskoalske opfang, fan moandeis o/m tongersdeis. In plak dêr’t ik soargje wol dat elk bern him wolkom fielt en himsels wêze kin.

Yn 2019 bin ik begûn mei de oplieding ta spesjalisearre pedagogysk meiwurker en yn july 2021 bin ik slagge. Ik bin no op beide lokaasjes ynsetber.

It moaiste oan myn wurk fyn ik moaie/gesellige aktiviteiten organisearje en om myn entûsjasme oer te bringen op ’e bern. Ik besykje fan alle dagen in feestje te meitsjen, mar wol ek op ’e mominten dat bern dêr ferlet fan hawwe in harkjend ear biede om se te helpen by dingen dêr’t se tsjinoan rinne.