Tjimkje Hansma

Al sûnt 2009 wurkje ik mei in soad wille by berne-opfang Dondersteen. Elke dei is oars en dat makket it wurkjen mei bern sa moai! Moandeis en tiisdeis wurkje ik op ’e groep Dondersteen (0-4 jier) en tongersdeitemiddeis wurkje ik op ’e bso, lokaasje Stapstien. Ik fyn it moai om de ûntwikkeling te folgjen en om te sjen dat net ien bern itselde is. Elk bern is unyk en ûntwikkelet him op syn eigen nivo. Ik fyn it ek belangryk om in noflike sfear te kreëarjen dêr’t bern har op har gemak fiele, in soad wille hawwe en harsels wêze meie.