Samantha de Haan

Ik bin Samantha de Haan en wenje gear mei myn man en trije prachtige dochters. Wy binne yn 2020 ferhuze nei in hearlike frijsteande wenning, dêr’t wy ûndertusken, foar de hobby, allegearre bistkes omrinnen hawwe. Fan kninen en plomfee oant skiep. Dat fyn ik dan ek hearlik om yn myn frije tiid te dwaan: lekker bûten dwaande wêze. Ik bin ûndertusken alwer rom tolve jier wurksum as pedagogysk meiwurker yn ’e berne-opfang. Sûnt 2012 by berne-opfang Dondersteen. Woansdeis en tongersdeis wurkje ik op groep Dondersteen (0-4 jier).

Elke dei is wer in dei mei nije útdagingen en in dei dêr’t ik de bern wer mei alle leafde en oandacht stypje yn harren ûntwikkeling. Elk bern is unyk en leart op syn eigen nivo en tempo. Ik haw, as pedagogysk meiwurker, as doel om bern te sjen, te stypjen en op in boartlike wize mei-inoar dwaande te wêzen. Fierder fyn ik it hiel belangryk om bern har wolkom fiele te litten, sadat se harsels wêze kinne.

Ik bin ek pedagogysk coach. Dat betsjut dat ik neist it groepswurk myn kollega’s stypje op it mêd fan pedagogyske feardigens en ynteraksje ûnder harren wurk. Ik haw mei Michelle de training ‘Betiid sinjalearjen en betide help’ (‘Vroegsignalering en vroeghulp’) mei goed gefolch ôfmakke. Wy stypje oare kollega’s as sy mei fragen komme oer in bern(tsje). Sa soargje wy foar in goed en feilich klimaat foar alle bern.