Michelle ten Hoeve

Ik bin Michelle ten Hoeve, wenje yn Kollumersweach en haw ien dochter. Wêrom’t ik foar it wurkjen yn ’e berne-opfang keazen haw? Foar my stie it salang’t ik it my heuge kin al fêst dat ik mei bern wurkje woe. Wat myn wurk sa moai makket, is dat ik as liedster in diel bin fan ’e opfieding. Je sjogge de bern hiel faak en bouwe in bân mei harren op. Je meie se dingen meijaan en leare dêr’t harren selsbetrouwen fan groeit en dêr’t se troch foarútgeane yn harren ûntwikkeling. Dat fyn ik moai om te sjen en jout my in foldien gefoel.

Yn 2020 haw ik de oplieding Spesjalisearre pedagogysk meiwurker mei goed gefolch ôfmakke. Yn 2021 haw ik mei Samantha de training ‘Betiid sinjalearjen en betide help’ (‘Vroegsignalering en vroeghulp’) folge. Tegearre mei Samanth bin ik it oansprekpunt foar de oare kollega’s as sy mei fragen sitte oer in bern(tsje). Wy soargje der dan foar der aksje ûndernommen wurdt. Ik doch moandeis ek in oantal administrative wurksumens, doch de rûnliedingen, de petearen om yn ’e kunde te kommen of de yntake te dwaan mei nije âlders, en tiisdeis en tongersdeis wurkje ik op ’e groep Dondersteen (0-4 jier).