Bêste âlders,
Graach wol ik my efkes foarstelle. Ik bin Jildou Bouma en ik bin berne yn 2000. Mei myn freon (Hendrik) haw ik krekt in hûs kocht yn Kollum!
Mei freonen in terraske pakke, lekker in wykeintsje dertuskenút en shoppe binne myn hobbys.
Yn 2017, 2018 en 2019 haw ik staazje rûn by berne-opfang Dondersteen. Dêr’t ik ek myn diploma Spesjalisearre pedagogysk meiwurker ôfmakke haw.
Ik bin hiel bliid dat ik sûnt septimber 2021 wer werom bin!
Ik bin doe ek begûn mei de oplieding Pedagogysk coach/beliedsmeiwurker. As ik dêr foar slagje, sil ik dy funksje ek útfiere by Donderstien.
Wat ik sa spesjaal fyn, is dat wy as pedagogysk meiwurkers tsjûge binne fan ’e ûntwikkeling dy’t de bern (hjir) trochrinne. Ik fyn it dan ek belangryk om te sjen wat de bern nedich hawwe en dêrop yn te spyljen.
Elk bern is unyk en ûntwikkelet him op syn eigen wize. Ik fyn it bysûnder dat ik dêr in stientsje oan bydrage kin en doch dat mei in soad wille! Ik fyn âlderkontakt ek fan krúsjaal belang, sadat âlders betrouwen yn ús hawwe en harren bern mei in gerêst hert “efterlitte” kinne.