Hallo allegearre, myn namme is Anita Postma. Ik wenje mei myn freon Theun yn Kollum en haw twa famkes fan 19 en 12 jier âld. Ik haw ek trije bonussoannen fan 23, 21 en 16 jier âld. Ik bin al op myn 18e begûn mei it wurkjen yn ’e berne-opfang. Earst yn Drachten en no by berne-opfang Dondersteen. Moandeis en tiisdeis op ’e bso en freeds by de dei-opfang (0-4 jier). Fierder fal ik op ’e oare dagen yn as dat nedich is.
De reden dat ik foar dit fak keazen haw is de foldwaning dy’t ik derút helje. Der is ommers neat moaiers as dy blide kopkes sjen dy’t je mei in soad entûsjasme en fleur begroetsje. It jout ek in goed gefoel as âlders harren bern mei betrouwen nei de opfang bringe om’t se witte en sjogge dat it bern wille hat en him feilich fielt.
It moaie oan dit wurk is ek it folgjen fan ’e ûntwikkeling fan it bern, en de ferdjipping, want je binne eins nea útleard. Troch de trainingen dy’t wy oanbean krije, leare je noch altyd by. Sa bliuwt it wurk moai en útdaagjend. Gjin dei is itselde.